200 jier Tsjibbe Gearts van der Meulen

00 jier Tsjibbe Gearts van der Meulen

Boartlike foarstelling troch Douwe Kootstra en Tsjerk Veenstra 200 jier Tsjibbe Gearts van der Meulen; in Wâldman en Wrâldboarger

BURGUM – Op moandei 6 maaie fan dit jier is it presys 200 jier lyn dat Tsjibbe Gearts van der Meulen berne waard oan de Burgumerdaem, yn it hûs njonken de herberch De Drie Gekroonde Baarzen. Van der Meulen wie in Fryske folksskriuwer, klokkemakker, drukker, redakteur en útjouwer fan de Bergumer Courant.

As oantinken oan it 200ste bertejier bringe Douwe Kootstra en Tsjerk Veenstra op 6 maaie oansteande in programma yn restaurant Het Roodhert yn Burgum. 

Tsjibbe Gearts van der Meulen waard klokkemakker, omdat syn heit dat ek wie, mar de drukkerij en it skriuwen hie mear syn ynteresse. Yn 1878 kaam it Weekblad voor Tietjerksteradeel út. Dit soe letter oergean yn de Bergumer Courant. De drukkerij van Van der Meulen siet earst oan de Skoalstrjitte, mar waard letter festige oan de Legewei yn it pân fan it lettere boekhannel Doevendans. 

 

Van der Meulen wie in echte folksskriuwer. Hy skreaun toanielstikken, kluchten, foardrachten en noch folle mear. (Tryntsje Rommelpôt en Myn suchten en myn sangen) Hy waard dêrby ynspirearre troch de Burgumer ûnderwizer en skriuwer Harmen Sytstra (moai sûnder wjergea binne de Wâlden) en syn freon Waling Dykstra. Sa binne ek de suksesfolle Winterjûnnochten ûntstien. Hjirby waard optreden yn doarpssealtsjes troch 

de hiele provinsje hinne. It selskip wie somtiden hiele nachten ûnderweis. 

 

Tsjibbe Gearts van der Meulen kin sjoen wurde as in romantikus, wat nayf en mei in boartlike geast. Moaie anekdoate is dat hy fier foar syn dea al in grêfkiste bestelde en der ek wol yn de kiste lei. Op 16 maart 1906 is Tsjibbe Gearts van der Meulen ferstoarn. Syn grêf is te finen fuort by de tsjerke-yngong fan de Krússtjerke yn Burgum. Njonken him stiet it grêf fan syn frou Grietje Peereboom.

 

Oer de foarstelling…. Tsjibbe Gearts: in apartenien! Ta gelegenheid fan syn 200ste bertedei bringe de betûfte foardragers Tsjerk Veenstra en Douwe Kootstra in programma dat libben en wurk fan Tsjibbe Gearts op ‘e nij yn it ljocht set. It is in boartlike foarstelling mei folop anekdoates, koarte dialogen, in literêr kwiske, in priuwke winterjûnenocht en in lytse eksposysje. 

 

De ynrin op moandei 6 maaie is fan 19.45 oere ôf yn Het Roodhert yn Burgum. It programma begjint om 20.15 oere. Der is plak foar sa’n 50 minsken. De tagongspriis is 5 euro per persoan. Graach kontant ôfrekkenje! Reservearje kin fia tsjibbegearts@gmail.com

 

Foar mear ynformaasje: Jaring de Groot – tsjibbegearts@gmail.com - 0612069352


Leuke informatie

Reactie schrijven

Commentaren: 0